LINKK 17: Feiligens

20 Septimber 2002

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer feiligens. Hoe feilich is it om nei skoalle te fytsen en hoe feilich of ûnfeilich is it op skoalle? We prate mei âld-minister fan ûnderwiis, Loek Hermans.