Yn dit programma sjogge we achter de skermen by Baas Boppe Baas, by de screentest, de repetysjes en de opnamen. Hoe wurde de akteurs keazen? Hoe giet it skriuwen fan it skript fan de famylje Baas? En hoe wurdt dit allegearre filme? Regisseur Steven de Jong en de spilers fertelle.
Joukje hat kanker, mar bliuwt lykwols sterk en fynt dat se rjocht hat op in eigen beslút. Se wol graach eutanasy, mar dit soarget foar in soad argewaasje yn it hûs fan de famylje Baas.
Elkenien hat it swier mei de earste krystdagen sûnder Sjoerd. Talieta moat it krystdiner meitsje omdat Froukje siik is. Dan komt der samar ien om har te helpen.
Talieta is mei de famylje Baas mei de boat fuort. Jûns sjocht sy in oare boat en tinkt dat der wat mei de boat oan de hân is. Talieta giet op ûndersyk út. Wat sy net wit, is dat har stalker op dy boat sit.
Beant leit yn it sikehûs en krijt in hertoanfal. De dokter seit dat hy syn libben feroarje moat. Gjin sjekjes en Beerenburg mear. Oft him dat slagget, is noch mar de fraach. Dêrneist bart der wat dramatysks, wêrtroch't de hiele famylje Baas rekke wurdt. Sille se der wer boppe-op komme?
In kameraploech is opnamen oan it meitsjen yn it doarp. De regisseur freget oft Beant it doarp goed ken en oft hy in rol as gids fertolkje wol yn “Holland in beeld”. Beant docht syn bêst om in goede gids te wêzen, mar syn kondysje sit him yn it paad.