Geart de Vries praat mei Bearend J. Fridsma. As jonkje fan 6 jier is er mei syn famylje út Skearnegoutum nei Amearika emigrearre. Dêr hat er him ûntwikkele ta Frysk strider. Hy hie syn eigen krante 'Frisian News Items'. Dêrmei hâlde er de Fryske emigranten yn Amearika op 'e hichte fan wat him yn Fryslân ôfspile. Hy fertelt oer syn wurk en libben.
Gryt van Duinen praat mei Joop Sprock. Hy fertelt oer syn wurk yn it Ljouwerter ferset. Neist syn wurk yn it ûnderwiis hat er as passy toaniel en regissearre tal fan stikken.
Geart de Vries praat mei Hiske van der Woude-Roorda, dochter fan de ferneamde kommunist Gerrit Roorda (1890-1977). Hy wie stakingslieder, yn de bou en wurkferskaffing. Yn 1927 kaam er yn de gemeenteried fan Opsterlând en yn Provinsjale Steaten. Hy hie in foarleafde foar de Sovjet-Uny. Syn dochter fertelt oer it libben fan har heit en har eigen oantinkens. Tryater is dwaande mei in stik oer Roorda (spile troch Romke de Leeuw).
Gryt van Duinen praat mei Johannes Brandsma, âld-boargemaster fan Ljouwert. Hy waard berne yn Feinsum en groeide op yn Stiens. Nei't er jierren yn de lânbousektor wurke, waard er yn 1967 beneamd as boargemaster. Yn 1983 gie er mei pensjoen. Hy fertelt oer syn libben en wurk.
Gryt van Duinen praat mei skriuwster Riek Landman. Se is yn Drachten berne en die de kweekskoalle. Se fertelt oer har wurk en libben. Se spile toaniel by it selskip fan Tetman de Vries en stie mei oan de widze fan Tryater. Ek skreau se tal fan boeken.
Gryt van Duinen praat mei politika Dieuwke de Graaff-Nauta yn har wenning yn Snits oer har karriêre, leafde foar it (skûtsje)silen en it Frysk. Nei de kweekskoalle wurke se in skoft yn it ûnderwiis, mar letter folge in politike karriêre (by it CDA). Se wie steatelid en deputearre yn Fryslân, gemeenteriedslid en wethâlder yn Snits en yn 1986 waard se frege om minister te wurden, se betanke, mar waard doe steatssekretaris fan Ynlânske Saken yn it kabinet Lubbers.
Geart de Vries praat mei oannimmer Dirk Lont. As jonge fan 14 kaam er nei de legere skoalle by syn heit yn it bedriuw op It Bilt. Hy woe wol leare mar dêr wie gjin jild foar. Heit hie in ûnderhâldsbedriuw en wurke foaral foar de agraryske sektor. It bedriuw is ûnderwilens útgroeid ta in boubedriuw mei sa'n 100 wurknimmers en yn hiel Fryslân ha se tal fan huzen boud. Lont fertelt oer syn wurk en libben.
Geart de Vries praat mei keunstner Jan Murk de Vries yn syn atelier oer syn libben en wurk. De yn 1919 berne Boalserter wurke in soad yn opdracht, grutte ruten, mar makke ek frij wurk, skilderijen. Mei it each op syn kommende 80ste jierdei sjocht er werom op syn libben.
Geart de Vries praat mei Mieke Andela-Bauer. Dizze boeredochter út Limboarch kaam nei de Twadde Wrâldoarloch nei Fryslân en moete har man yn Tritsum. Se wie learares en maatskiplik aktyf. Fan 1976 oant 1986 siet se foar de CDA yn de Twadde Keamer. Noch altyd is se aktyf, no foar âlderein. Se fertelt oer har libben en driuwfearren.
Atje Hemminga praat mei skipper en brêgewipper Huib Heemskerk. Hy komt út in skipperslaach yn Noard-Hollân en groeide op in skip op. Hy fertelt oer syn libben en oer syn tiid as brêgewipper.
Piter Tjeerdsma praat mei Mien Nieuwe Weme, winkelfrou. Se wie troud mei Leo, se kamen út Twinte. Yn 1946 kocht har man in âlde krudenierswinkel op It Hearrenfean. Sa begûn de saak dy't útgroeide ta in supermerkketen. Se fertelt oer har libben, de feroaringen en it 'Nieuwe Weme-gefoel'.
Geart de Vries praat mei Tiny Hofstede, wykferpleechkundige. As jong famke wist se al dat se suster wurde woe. Se fertelt oer har wurk en de feroaringen dy't se meimakke.