Arjen de Boer sjocht by it Frysk kampioenskip golf yn Sint-Nyk. Om't er de spilers by de wedstriid net steure mei, rydt Arjen yn in golfkarke oer de 'green' en praat er dochs mei in pear golfspilers en in skiedsrjochter, ûnder oare oer it 'putten'.
Arjen de Boer sjocht by it fuotbaljen yn Dronryp. De Rypster feriening bestiet 50 jier en hat âld-ynternasjonals útnûge om tsjin te spyljen. Dy wienen it balskoppen noch net ferleard, mei 6-1 fersloegen se Dronryp.
Arjen de Boer sjocht by de basketballers fan Aris yn Ljouwert. De klup komt út yn de earste difyzje. Mar ek de bân mei de jeugd is belangryk, de bern krije training fan de seleksje.
Arjen de Boer sjocht by de survivalrun yn Starum. Dielnimmers moatte 16 ferskate ûnderdielen by del, fan bôgesjitten oant muorreklimmen en troch in modderbad swimme. Ien fan de dielnimmers is Doede Bleeker.
Arjen de Boer is by it tenniskampioenskip yn Beetstersweach. Der binne gjin skiedsrjochters en ballejonges en nei ôfrin fan de wedstriid moatte de spilers sels de baan feie.
Simnone Scheffer sjocht by de draafbaan yn Wolvegea. Se weaget ek in gokje. Reedrider Erik Hulzebosch giet de striid op skeelers oan mei it hynder en de pikeur.