Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

It Fryslân fan Jos de Putter: Yn it foarbygean

It Fryslân fan Jos de Putter: Yn it foarbygean

08 Novimber 1998

Fiif filmmakkers binne frege om in dokumintêre te meitsjen oer de feroarings yn Fryslân. It idee is ynspirearre op it boek 'Hoe God verdween uit Jorwert' fan Geert Mak. Yn dizze film fan Jos de Putter komme fjouwer Fryske dichters oan it wurd dy't it lânskip as tema hawwe. Douwe Tamminga is yn Raerd dêr't eartiids Jongema State stie, Baukje Wytsma fertelt oer har doarp Reduzum, Wilco Berga fart op it wetter by de Snitser Mar en Albertina Soepboer rint op Skiermûntseach. Elke dichter fertelt oer it lânskip en lêst ta beslút foar út eigen wurk.

Wâldrock 1997

Wâldrock 1997

01 July 1997

In lange reportaazje yn Boppedat oer Wâldrock by Burgum. Op it poadium steane bands as The Gathering, Cradle of Filth, Biohazard, Rammstein en as ôfsluter Megadeth. Tûzenen besikers geane út har dak mei biersûpe, headbange en crowdsurfe.

Wyn op Woansdei: Lauwerseach

Wyn op Woansdei: Lauwerseach

28 Maaie 2003

Programmamakker Albert Jensma sjocht by de fiskershaven fan Lauwerseach. Dy moat de kommende jierren de omslach meitsje fan fiskershaven nei toeriste-oard. Dat blykt út in rapport oer de takomst fan de haven fan Lauwerseach, want it giet net goed mei de fiskerij en de hannel deryn. Op de fiskôfslach wurdt hieltyd minder fisk oanfierd omdat de see leech rekket. De gruttere fiskersskippen komme hjir net omdat de fargeul te ûndjip is. Dan komt der noch by dat de thúsfloat fan in lytse 70 garnalekotters op dit stuit yn in flinke krisis sit.