Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_LJOUWERT_HBO_STED_101200_WR

Ljouwert hbo-stêd?

10 Desimber 2000

Ljouwert hat trije hegeskoallen: CHN, NHL en Van Hall. Mar Ljouwert is lanlik net echt bekend is hbo-stêd. Op de foarljochtingsdagen docht bliken dat oankommende studinten net goed witte wat se fan Ljouwert ferwachtsje kinne. Bestjoerders fan de hegeskoallen komme oan it wurd, mar ek studinten. Dy fertelle oer har oplieding en it studintelibben.

Wyn op Woansdei: Bou parkearkelder by Aldehou

Wyn op Woansdei: Bou parkearkelder by Aldehou

02 Maart 2005

Programmamakker Albert Jensma sjocht by de bou fan de parkearkelder by de Aldehou yn Ljouwert. Op acht meter djipte wurdt groeven en archeologen besjogge krekt wat der yn de grûn sit. Hy praat mei de archeologen dy't der no oan it wurk binne, mar ek mei minsken dy't wat witte fan de eardere opgravingen yn 1968 en de fynsten fan doe. Op dit plak wie earder in terp en de Sint Vitustsjerke, dus fynsten fertelle oer it ûntstean fan de stêd.

LTV_HFEAN_BEDRIUW_WR

SC Heerenveen as bedriuw

12 Oktober 1997

Yn de jierren '90 groeit fuotbalclub SC Heerenveen as koal. It nije stadion moat alwer útwreide wurde, nije fuotballers wurde fanút de hiele wrâld oanlutsen en der is in jeugdoplieding foar jong talint. Efter de skermen treffe sponsoren en ûndernimmers harren yn de sakeclub, dy't hieltyd mear leden telt. En fansels binne der noch de Hearrenfean-supporters.