Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_DICHTERS

Fryske dichters om utens

11 Desimber 1994

Yn dit programma komme trije Fryske dichters om utens oan it wurd, se prate oer it Frysk, oer har wurk en wat har dwaande hâldt. Cor van der Wal komt fan Ljouwert en wennet yn Grins, foar syn bondel út 1991 krige er de debutantepriis. Hy skriuwt benammen nachts, is ynteressearre yn astrology en mei graach yn it kafee sitte. Feyo Schelto baron Sixma van Heemstra wennet yn Loosduinen by Den Haag, it Frysk hat er fan hûs meikrigen. Hy wie inisjatyfnimmer fan Operaasje Fers en wurke by tydskrift Quatrebras. Syn roman 'Leafdedea' út 1963 publisearre er ûnder pseudonym Homme Eernstma.

LTV_WRAKKEN_SKROAT_SKROT_WR

Wrakken, skroat en skrot

17 Novimber 1996

We sjogge achter de skermen by de autosloperij. By demontaazjebedriuwen wurde de auto's útinoar helle en tal fan brûkbere ûnderdielen kinne wer brûkt wurde, oare stikken wurde ferneatige. Der is in goeie hannel yn de banne-yndustry.

It Ljocht Op: Kompilaasje 1

It Ljocht Op: Kompilaasje 1

20 Juny 1997

In kompilaasje fan ferskate ôfleverings fan It Ljocht Op, mei: fjildrider Gretienus Gommers, fuotballer Jon Dahl Tomasson, keatser Chris Wassenaar, reedrydtrainer Henk Gemser en iisspeedwayer Tjitte Bootsma.