Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SA_SEACH_PIETERVERHOEFF_270694

Sa seach ik Fryslân 10: Pieter Verhoeff

27 Juny 1994

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel tsien Pieter Verhoeff oer syn spylfilms en dokumintêres, en oer it hinne en wer slingere wurden tusken Amsterdam en Fryslân. We sjogge fragminten fan 'De vuurtoren' (1994), in reportaazje oer Hendrik Algra (1969) en ien oer skriuwer Trinus Riemersma (1968) en út de films 'Het teken van het beest' (1980) en 'De dream' (1985).

Fytsalvestêdetocht 2003

Fytsalvestêdetocht 2003

09 Juny 2003

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. Oan de edysje fan 2003 dienen meiwurkers fan in Ljouwerter apoteek mei dy't jild ynsammelen foar in fakânsjehûs foar sike bern. En der ried in achterútfytstandem mei.