Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Seekonteneroerslach yn Ljouwert

Wurktiid TV: Seekonteneroerslach yn Ljouwert

14 Maaie 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it wurk by de oerslach fan seekonteners yn Ljouwert. De grutte bakken mei in ferskaat oan ynhâld komme út de hiele wrâld en wurde yn Ljouwert ferladen. De dûane is dêr ek by. Bêste kollega is Jan van Herwijnen van CVO en der is wer in oprop foar wurk en by in kompjûterserviceburo yn Burgum kinne se nij personiel brûke.

Skriuwers yn byld diel 9: Obe Postma

Skriuwers yn byld diel 9: Obe Postma

26 Maaie 1988

Obe Postma út Koarnwert wie yn de tweintichste ieu in bekende Fryske dichter. ‘It sil bestean’ is in bekende gedichtenbundel fan de man en dêr wûn hy de Gysbert Japicxpriis mei. Yn de lêste útstjoering fan 'Skriuwers yn byld' kinne jo sjen nei wat er allegearre yn syn libben barde.

Skriuwers yn byld: Trinus Riemersma

Skriuwers yn byld: Trinus Riemersma

08 Juny 1989

Ynterview mei de Fryske skriuwer Trinus Riemersma (1938-2011) by him thús yn Frjentsjer, troch Geart de Vries.Mei argyfbylden út de film dy't Pieter Verhoeff foar de IKON makke oer de opskuor om de romans Fabryk (1964) en Minskrotten, Rotminsken (1966) hinne. Trinus Riemersma begûn as ûnderwizer en nei de stúdzje Frysk waard er dosint Frysk en skreau er in proefskrift. Hy is berne yn Ferwert.