Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180719_SADWAANDE_OER_DE_GRINS_14_02_2001.mp4

Sadwaande: De grins

14 Febrewaris 2001

Dizze Sadwaande giet oer de grins. We sjogge nei it ûntstean fan grinzen, binne se steatkundich (troch minsken bepaald) of natuerkundich (troch de natuer bepaald). Mei histoarikus en geograaf Meindert Schroor besjogge we trije typen grinzen yn it lânskip: de Swette, ferkaveling en feanskieding. We sjogge yn Gerkeskleaster/Strobos, dit twillingdoarp leit foar in part yn Fryslân en foar in part yn Grinslân. Hoe libbet dat dêr en hoe wie dat foar it transportbedriuw Broersma?

Sybe Satellyt 0801

Sybe Satellyt 0801

02 Septimber 1997

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma oer Sybe dy’t mei syn satellyt oeral hinne kin. Mei syn hûn Sjef belibbet er elke dei wer wat oars. Yn dizze útstjoering giet Sybe nei de wrâldwinkel fan Rigt-Marie Zijlstra dy’t al har spul út Tanzania hellet. Dêrneist giet Sybe wer mei Sake op paad. Sake fertelt oer de situaasje mei de earrebarren yn Fryslân.

Fytsalvestêdetocht 2000

Fytsalvestêdetocht 2000

12 Juny 2000

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. De edysje fan 2000.