Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180706_SADWAANDE_OER_NIJBOU_31_03_1999_HEMPENS_SUDERBUREN.mp4

Sadwaande: Nijbou, de oanlis fan Zuiderburen

31 Maart 1999

Dizze Sadwaande giet oer nijbou. We sjogge by it nije plan Himpens-Tearns, dêr't oan de súdkant fan Ljouwert 1.750 nije wenten boud wurde sille. De wyk is letter bekend wurden as Zuiderburen. De wyk wurdt rom fan opset, mei grutte kavels, bosk en wetter. We prate mei in takomstich bewenner en útfierenden. Wethâlder Bearn Bilker leit út wat de fyzje is. Ek dupearren komme oan it wurd: twa boeren moatte lân ferkeapje foar de nijbou.

Befrijdingsfestivals yn de jierren '90

Befrijdingsfestivals yn de jierren '90

05 Maaie 1994

In kompilaasje fan de Befrijdingsfestivals yn Ljouwert yn 1994, 1995, 1996, 1997 en 1998; mei artysten as 2Unlimited, Marco Borsato, Trijntje Oosterhuis, en De Kast dy't op de Dam yn Amsterdam optreedt.

LTV_JAN_VAN_DER_KOOI_291202_WR

Grinzen ferlizze: portret fan Jan van der Kooi

29 Desimber 2002

Jan van der Kooi tekenet en skilderet, meast figuratyf wurk. We sjogge him bûten oan it tekenjen (lânskip) en ek oan it wurk yn syn atelier. Hy fertelt dat er al mar mear fierder sjen wol, syn grinzen ferlizze. Sa sjocht er nei Fryslân no ek yn it bûtenlân lykas Venetië. Yn museum De Buitenplaats yn Eelde binne tariedingen foar in tentoanstelling.