Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sjoch Mar: Supporters De Westerein

Sjoch Mar: Supporters De Westerein

01 Desimber 1997

De Westerein spilet yn de twadde klasse fan it sneinsfuotbal en it giet hiel aardich mei de club. Se draaie boppeyn mei en steane op in twadde plak. Dat komt fansels troch de spilers: sy moatte it dwaan. Mar ek de supporters spylje in wichtige rol by De Westerein.

LTV_SYTZE_PRUIKSMA_FR_141202_WR

As pauken sjonge: portret fan Sytze Pruiksma

14 Desimber 2002

Sytze Pruiksma is slachwurker. Hy komt út in hiele muzikale famylje en fertelt dêroer en oer syn wei nei it konservatoarium. Hy spile by ferneamde orkesten mar wol mear út de muzyk helje as inkeld noaten spylje. We sjogge him oan it wurk foar in dûnsfoarstelling. Neist de muzyk hat er in passy foar fûgels. As bern al gie er mei de kiker deropút yn de Warkumerwaard.

De Dyk Ut 02

De Dyk Ut 02

08 July 1998

De Dyk Ut. Oflevering 2: Skiermûntseach, de affaire-Lancée