Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: The Making of Kening Lear

Spegels: The Making of Kening Lear

22 Maaie 2003

Fan desimber 2000 oant in wike foar de premjêre folge Omrop Fryslân de ûntwikkelingen om it teaterspektakel Ik, Kening Lear hinne. Fan de earste besprekkings en repetysjes ôf yn it Tryatergebou oant de úteinlike earste foarstelling yn it hynstesintrum yn Drachten. Yn dizze making-of, makke troch Fred Geerling, wurdt sjen litten hoe't artistyk lieder Jos Thie syn eigen ôfskiedsfoarstelling foarmjout.

Sybe Satellyt 0510

Sybe Satellyt 0510

27 Juny 1995

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Mei syn nije hûn Bros belibbet er elke dei wer wat oars. Yn dizze ôflevering leart er hoe't eartiids it gers meand waard, mei de seine. Gerben Groenhof fan it Frysk Lânboumuseum yn Eksmoarre fertelt hoe't saneamde hannekemaaiers of poepen dat dienen. Ek is argyfbyld fan de ûngetiid te sjen. Henk Haantjes fertelt wat hjoed-de-dei mei gers bart yn de gersdrûgerij. Gûcheler Magic Minze treedt op.

LTV_IT_FJIRDE_GEWAS_2

It fjirde gewaaks

13 Novimber 1994

Neist it ferbouwen fan jirpels, sûkerbiten en weet wurdt socht nei alternative gewaaksen foar it lân. De saneamde 'agrivicatie' siket nei gewaaksen dy't brûkt wurde kinne as griene grûnstoffen foar yndustriële produkten, lykas flaaks en olifantsgers. We sjogge by ûndersikers yn Wageningen, prate mei boeren en produsinten oer dizze ûntwikkeling.