Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Monuminten yn Fryslan 3 Histoarysk wenjen

Monuminten yn Fryslan 3 Histoarysk wenjen

01 Desimber 1988

Yn it tredde en lêste diel fan it trijelûk oer monuminten fan Fryslân sjogge we by de histoaryske wenningen yn Sleat. Dêr wurdt in soad jild bestege oan de restauraasje fan wenhuzen.

LTV_Ferdronken-ferline_WR

Ferdronken ferline

12 Novimber 2006

Yn de rin fan de iuwen binne hiel wat doarpen, stêden en eilannen yn it wetter ferdwûn. We sjogge by trije projekten fan stikken ferdronken lân. By Eanjum litte terpôfgravingen sjen dat minsken op in terp wennen om har te beskermjen tsjin it wetter, der wienen noch gjin diken. Op Skiermûntseach binne ûndersikers al in jier lang op syk nei spoaren fan it eardere eilân Bosch. En archeologen en archeologyske ûndersikers stride oer it wol of net bestean fan Esonstêd, dat dogge se mei boarnen en opgravingen.

Hjoed: tongblier, oer de RVV

Hjoed: tongblier, oer de RVV

13 April 2001

Yn Hjoed fan 13 april 2001 belibbet Fryslân dei trije fan de tongblierkrisis. De RVV (Rijksdienst voor de keuring van Vee en Vlees) moat de bisten romje en plysje kontrolearret elk dy't it besmette gebiet yn of út moat. Ferslachjouwer Douwe Boersma docht ferslach út Ie wei, hy praat mei de winkeleigener dy't syn klanten gerêststelt dat se net hoege te hamsterjen. Sels hellet er syn bôlen by de ôfsetting wei.