Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

It Wetter Op 11: Doede Veeman

It Wetter Op 11: Doede Veeman

25 Augustus 1999

Ferslachjouwer Afke Meekma en kameraman Dirk Hofstede binne op de Burgumermar yn in boatsje mei sjonger Doede Veeman. Hy hat jierren lyn in protestliet makke tsjin de komst fan de elektrisiteitssintrale oan de mar. Dy is nettsjinsteande fûle protesten yn 1974 yn gebrûk nommen. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

Linkk Ekstra: My 'n soarch 2

Linkk Ekstra: My 'n soarch 2

16 Jannewaris 2004

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel 2 fan de rige My 'n soarch. Dêryn binne 7 jongeren mei elkoar op fakânsje yn in kampearbuorkerij. Jaline, Marije, Baukje, Lydia, Arjen, Lourens en Pierre. Se ha sels iten sean, en moatte no bepale wa't watfoar wurk yn it húshâlden docht. Dêrnei slacht de ferfeling ta, wat moatte se betinke? Jildou de Vries leit út wat de tiidsbesteging fan jongerein is. Húsdokter Rein Baarsma fertelt wat oer sûnens en Jildou fertelt oer drugs.

LTV_LESTELUDEN_2_WR

De lêste lûden fan in taal: de Ingermanlanners (diel 2)

25 Novimber 2001

Rige fan fiif programma's oer bedrige talen yn East-Europa. Yn dit twadde diel giet it oer de Ingermanlanners, ynwenners fan in streek yn Ruslân dêr't minsken Finsk praten foardat dat yn 1937 ferbean waard en de ynwenners nei Sibearië ferballe waarden. We sjogge op in feest om de langste dei te fieren dêr't de âldere minsken oer eartiids fertelle. En professor Victor Denissov, fan de universiteit yn Sint Petersburg yn Ruslân, fertelt oer de skiednis fan dit folk wêrfan't de taal mei útstjerren bedrige wurdt.