Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_SASEACH_4_SJOERD_ANDRINGA

Sa seach ik Fryslân 4: Sjoerd Andringa

13 Juny 1993

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel fjouwer Sjoerd Andringa. Hy wie parsefotograaf by it Friesch Dagblad, mar filme dêr ek by. Hy naam altyd in trepke mei om sa boppe de mannichte goed byld te meitsjen. Hy makke net inkeld famyljefilms mar filme ek eveneminten, lykas de autocross yn Hallum en in tintetentoanstelling yn de Prinsetún yn 1959.

FRYSLAN_LESTE_OARLOCH_4_WEROMROP

Fryslân yn de lêste oarloch 4: Twangarbeid yn Dútslân

29 April 1990

Yn in rige fan fjouwer dielen sjogge we werom op de Twadde Wrâldoarloch. Yn it lêste diel folgje we Marten Winters fan It Hearrenfean wylst er troch Dútslân reizget. Yn 1942 kaam er yn Dútslân te wurkjen, hieltyd mear minsken moasten dêr oan it wurk, ek ûnder twang. De arbeidsburo's wurken dêroan mei en spegelen it moai foar mei kleurige affysjes. Winters hat op fiif plakken wurke, en sliepte yn barakken yn kampen. Minsken dy't wurk wegeren of flechten, moasten nei strafkampen. Johannes de Vries en Bertus Lubbering ha dat meimakke en helje oantinkens op.

LTV: Los fan de tradysje, diel 1: Bouke van der Sloot

LTV: Los fan de tradysje, diel 1: Bouke van der Sloot

12 Maaie 1991

Portret fan de keunstskilder Bouke van der Sloot (1908-1994) dêr't er oer syn wurk fertelt. Hy skildere it Fryske lânskip en doarpsgesichten, faak yn opdracht. De Belgyske skilder Permeke wie in foarbyld foar him.