Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_HIMPENS

LTV: De grûn wurdt fergroeven

12 Septimber 1999

Yn 1999 lizze de buordoarpkes Himpens/Tearns noch op it plattelân ûnder Ljouwert. Mar de greiden deromhinne sille folboud wurde mei huzen. Der wurdt mei mingde gefoelens sjoen nei de bou fan de nije Ljouwerter wenwyk Suderbuorren, dy't Himpens/Tearns opslokke sil.

Sybe Satellyt 0604

Sybe Satellyt 0604

12 Desimber 1995

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by de priisútrikking fan de kleurtekenwedstriid oer mûlefersoarging en praat mei toskjuf Mirjam Onderdelinden.Se jout foarljochting yn de bus. Ek sjocht er op It Amelân dêr't it Sunneklaasfeest is. Hy praat mei bern fan de Kardinaal de Jongskoalle. Jan van der Wal fertelt oer de skiednis oer skipfeart fan It Amelân.

Baas Boppe Baas 0105: Skytskjin

Baas Boppe Baas 0105: Skytskjin

01 Jannewaris 2001

Froukje sil mei it koar nei Amsterdam, mar Beant fertrout it net hielendal. Dan betinkt hy wat wêrtroch't se wol thúsbliuwe moat...