Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

NILGUNYERLI_WR3

'Maak je dromen waar'; portret fan Nilgün Yerli

31 Maart 2002

Nilgün Yerli kaam as famke fan 10 út Turkije nei It Hearrenfean. Se fielde har 'verdwaald' omdat se de taal net koe. No is de skriuwster, kabaretière en aktrise werom op It Fean. Se ken de grienteboer op de merk noch. Ek sjogge we wêr't de famylje wenne en wêr't har skoalle wie. Se is har heit tankber dat se de rykdom fan twa kultueren kennen leard hat. We sjogge ek stikjes fan har foarstelling.

LTV_MINSKELIBBEN_TINY_HOFSTEDE_280399_WR

In Minskelibben: Tiny Hofstede

23 Maart 1999

Geart de Vries praat mei Tiny Hofstede, wykferpleechkundige. As jong famke wist se al dat se suster wurde woe. Se fertelt oer har wurk en de feroaringen dy't se meimakke.

Wurktiid TV: Mearfalkwekerij op De Westereen

Wurktiid TV: Mearfalkwekerij op De Westereen

25 Juny 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de mearfalkwekerij op De Westereen. De ferwurker is Kooistra en dy sit derneist. Bêste kollega is Sytze Antonides, frijwilliger by putsjes yn Warkum. En op De Lemmer sykje se minsken foar de hoareka en der is wer in oprop foar wurk.