Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_30_MINUTEN_TSJERKE

30 Minuten tsjerke: petear tusken Aukje Elsinga en Pieter Boomsma

28 Maaie 1995

Dûmnys Aukje Elsinga en Pieter Boomsma prate mei inoar oer de tsjerke as ynstitút, it leauwe, en it Samen-op-Weg-proses.

Wâldrock 1999

Wâldrock 1999

03 July 1999

In protte leven wer hjoed yn Burgum. It Wâldrockfestival gong dêr fan 'e middei los. Sa'n 5.000 hardcore en heavymetalfans kamen op it festival ôf. Sa'n 2.500 minsken minder as ferline jier. Under de besikers wol in spesjalen ien trouwens. Aad Bos fan de arbeidsynspeksje. Hy kontrolearret it festival op feilichheid, arbeidsoeren en fansels op desibels. Yn de streamende rein komme de minsken binnen. Net leuk fansels, mar de muzyk makket in hoop goed. Want dêr giet it harren om. En ek Bos. Hy rint al in pear dagen op it festivalterrein.

It Fryslan fan Marijke Jongbloed: Bûten de skepping

It Fryslan fan Marijke Jongbloed: Bûten de skepping

22 Novimber 1998

Fiif filmmakkers binne frege om in dokumintêre te meitsjen oer de feroarings yn Fryslân. It idee is ynspirearre op it boek 'Hoe God verdween uit Jorwert' fan Geert Mak. Yn dizze film fan Marijke Jongbloed 'Bûten de Skepping' giet it oer it fiskersdoarp Moddergat. Se folget in groep Amerikaanske toeristen dy't leare oer de ramp yn 1883 doe't 83 fiskers omkamen yn in stoarm op see. Teade Basteleur fertelt oer syn pake dy't de ramp oerlibbe.