Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FLINKE_JONGES_211297_WR

Flinke jonges

21 Desimber 1997

De kriminaliteit ûnder jongeren nimt mear en mear ta, der is geweld op strjitte, fernielingen en fandalisme en it begjint ek mear op jongere leeftiid. Yn dit programma folgje we in pear fan de jongeren dy't by Het Buro begelaat wurde om werom te kinnen nei de maatskippij, skoalle of wurk. De begelieders komme oan it wurd en we sjogge by de wurkplakken, lykas de fleanbasis en it Cambuurstadion. Yn de Ljouwerter wyk Wielenpôlle binne jongerewurkers ek aktyf.

Linkk Ekstra: Wurkje yn Fryslân 3

Linkk Ekstra: Wurkje yn Fryslân 3

01 Desimber 2000

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel trije fan in searje oer wurkje yn Fryslân. Jildou de Vries is yn Stiens, dat is in forinzedoarp. Minsken wenje der wol, mar wurkje yn in oar plak. Meastentiids leit in forinzeplak by in grutter plak en binne der goede ferkearsferbiningen.

De Nije Moanne: De útfiners

De Nije Moanne: De útfiners

07 April 1991

Trije soarten útfiners komme oan bod: by doarrefabrikant Halbertsma yn Grou brûke se flaaks as produkt tusken it hardboard, by de agraryske hegeskoalle besykje se iel yn te setten as biologyske bestriding fan boaiemynsekten en by masinefabryk Van Brummelen yn Ljouwert betinke se allerhanne soarten masines, lykas in spekynpakmasine foar Frisia yn Harns. De ynnovaasjes moatte de produksjeprosessen ferbetterje.