Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

De dei foar de tocht #2

De dei foar de tocht #2

03 Jannewaris 1997

Op de dei foar de fyftjinde Alvestêdetocht hat Omrop Fryslân meardere útstjoerings oer de tariedings foar de 'Tocht der Tochten' makke. Yn dizze útstjoering kinne jo ûnder oaren sjen nei reportaazjes oer: minsken dy’t de Alvestêdetocht in dei earder riden, de foarsoarchsmaatregels yn Bartlehiem en de earstehelppost by de Bonkefeart.

OPBOU_1_WEROMROP

De Opbou 1: De oanrin

10 Maart 1991

Yn in trijelûk komt de yndustrialisaasje oan de oarder oan de hân fan Philips Drachten as foarbyld. Nei de oarloch moast derfoar wurkgelegenheid soarge wurde, it regear kaam mei in plan en wiisde gebieten oan foar ûntwikkeling. Dêr siet ek it eastlike part fan Fryslân by, de earme Wâlden. Minsken moasten fan de lânbou nei de yndustry lokke wurde, der wie sels spesiaal in Frysk Polygoonpromofilmke makke.Tal fan oaren emigrearren nei Kanada, mar oaren moasten hjir oan it wurk.

LTV_FERTRIET_OERTERP_FR_180301_WR

It fertriet fan Oerterp: de grifformearde frijmakking yn 1946

18 April 2001

De grifformearde frijmakking yn 1946 spjalte it doarp Oerterp yn twa groepen: de grifformeard synodalen en de grifformeard frijmakken. It joech striid en de skuor is noch altyd fielber, op skoalle, yn tsjerke en by it korps. Inkeld op it begraafplak lizze beide leauwigen trochinoar hinne. Ynwenners fertelle oer de kwestje.