Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_200199_CALLCENTRE_WR

Sadwaande: Callcenter

20 Jannewaris 1999

Dizze Sadwaande giet oer callcenters. Dizze nije bedriuwen dy't telefoanysk ynformaasje jouwe, ha net oeral in goede namme. Yn Ljouwert binne in soad kantoaren, lykas FBTO en Postbank dêr't ek callcenters binne. De meiwurkers dêr helpe minsken en belje net mei agressyf ferkeappraat. It bedriuw Quality View op It Hearrenfean jout advys. Ingrid sil ek oan de telefoan, hoe fergiet it har? En wat fynt it fakbûn fan dit wurk?

No Wy: Bornego College

No Wy: Bornego College

17 Septimber 1998

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering meitsje learlingen fan it Bornego College op it Hearrenfilm in spylfilm oer in stellen beurs en foaroardielen oer gabbers en skaters. It skript is betocht troch Mirjam de With.

LTV_JAN_VAN_DER_KOOI_291202_WR

Grinzen ferlizze: portret fan Jan van der Kooi

29 Desimber 2002

Jan van der Kooi tekenet en skilderet, meast figuratyf wurk. We sjogge him bûten oan it tekenjen (lânskip) en ek oan it wurk yn syn atelier. Hy fertelt dat er al mar mear fierder sjen wol, syn grinzen ferlizze. Sa sjocht er nei Fryslân no ek yn it bûtenlân lykas Venetië. Yn museum De Buitenplaats yn Eelde binne tariedingen foar in tentoanstelling.