Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: tongblier, it twadde gefal

Hjoed: tongblier, it twadde gefal

12 April 2001

Yn Hjoed fan 12 april 2001 it nijs dat Fryslân te krijen hat mei in twadde gefal fan tongblier. Nei Ie is de besmetting no ek yn Eanjum konstatearre. Skieppeboer Teun de Vries hat grutte noed oer syn skiep. Neffens W. Veenstra fan De Pein is de reekplom fan destruksjebedriuw Rendac yn Sumar de oarsaak fan de besmetting.

LTV_MERKEFAMYLJES1_2

Merkefamyljes, diel ien

26 April 1992

Yn twa dokumintêres ha we omtinken foar merkefamyljes dy't earder troch Fryslân reizgen. Yn dit diel komt de âlde generaasje oan it wurd, se helje oantinkens op. Earder reizgen de merkeminsken faak mei in skip, letter wennen se yn wenweinen. We sjogge argyfbylden fan attraksjes, lykas de draaimûne, it draaioargel en de sûkerkarre.

LTV_Reve-yn-Fryslan-3-Bijna-gelukkig_WR

Reve yn Fryslân (diel 3): Bijna gelukkig

14 Jannewaris 2007

De skriuwer Gerard Reve wenne fan 1964 oant 1971 yn Greonterp. Hy skreau dêr it brieveboek Nader tot U, dat yn it Dútsk oerset waard en Reve bekearde him ta it roomsk-katolisisme. Roomsk geastlike Antoine Bodar is fan fan it wurk fan Reve. Hendrik Algra moast neat fan Reve hawwe om syn blasfemy en skriuwen oer homoseksualiteit. Dochter Hetty Runia-Algra fertelt deroer. Kunde sjogge werom op de tiid dat Reve yn Fryslân wenne en ek syn partners Willem van Albada (Teigetje) en Henk van Manen (Woelrat) komme oan it wurd.