Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 04: Kryst en Ald en Nij

LINKK 04: Kryst en Ald en Nij

15 Desimber 2000

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer it Sint Thomaslieden, Leger des Heils, fjoerwurk en wat de symboalyk achter de krystbeam is.

Hjoed 2 maart 2005 13.00 oere

Hjoed 2 maart 2005 13.00 oere

02 Maart 2005

Hiel Fryslân wie ûntregele doe't der op woansdei 2 maart 2005 in tsjok pak snie foel. Omrop Fryslân kaam om 13.00 oere mei in ekstra Hjoed.

Hjoed: Loftmachtdagen 1998

Hjoed: Loftmachtdagen 1998

03 July 1998

Op de Ljouwerter fleanbasis sjogge we by de lêste tariedingen op de dei foar de iepen dei. De fleantugen repetearje de shows en bewenners fan omlizzende doarpen en famyljeleden fan militêren meie komme om te sjen.