Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Under Fjoer 0110 Jan Jaap van der Wal (2)

Under Fjoer 0110 Jan Jaap van der Wal (2)

14 Maaie 2003

Yn dizze Under Fjoer diel 2 fan kabaretier Jan Jaap van der Wal dy't ûnderfrege wurdt troch seis jongeren.

LTV_WAAD_1_FR

Mei de stream mei; It Waad (diel 1)

03 Juny 2001

It Waad feroaret al iuwenlang, de eilannen 'skowe' op, doarpen ferdwine en kustlinen feroarje. Tal fan saakkundigen fertelle op It Amelân wat der allegear bart (boaiemdelgong, seespegelstiging) en watfoar gefolgen dat hat foar minske en natuer. Oan it wurd komme û.o. ûndersikers, in kokkelfisker, ien fan It Fryske Gea en in strântinte-eigener.

LTV_LESTELUDEN_2_WR

De lêste lûden fan in taal: de Ingermanlanners (diel 2)

25 Novimber 2001

Rige fan fiif programma's oer bedrige talen yn East-Europa. Yn dit twadde diel giet it oer de Ingermanlanners, ynwenners fan in streek yn Ruslân dêr't minsken Finsk praten foardat dat yn 1937 ferbean waard en de ynwenners nei Sibearië ferballe waarden. We sjogge op in feest om de langste dei te fieren dêr't de âldere minsken oer eartiids fertelle. En professor Victor Denissov, fan de universiteit yn Sint Petersburg yn Ruslân, fertelt oer de skiednis fan dit folk wêrfan't de taal mei útstjerren bedrige wurdt.