Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: Fryske jûn en út fan hûs yn de Harmonie

Spegels: Fryske jûn en út fan hûs yn de Harmonie

15 Jannewaris 1999

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Dizze kear in reportaazje fan de Fryske jûn fan Anneke Douma, Teake van der Meer en Minze Dijkstra en út fan hûs yn skouboarch de Harmonie.

Spegels: Oerol 1999

Spegels: Oerol 1999

25 Juny 1999

Douwe Heeringa is op Skylge, by it Oerolfestival. Hy sjocht allerhanne acts op strjitte, lykas muzyk fan Femmes Vattaal. Ek komme foarstellingen op ferskate lokaasjes foarby fan: Troika, Peer Gynt fan Tryater, Reinier Kelder, Stichting Tuig en The Lunatics.

Spegels: CKV les

Spegels: CKV les

10 Oktober 2002

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Dizze útstjoering stiet yn it teken fan CKV workshops yn 'e Harmonie.