Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sealter-Friezen 02

Sealter-Friezen 02

07 Augustus 1996

Yn Sealterlân prate sawat 1000 minsken it Sealterfrysk, in taal dy't famylje is fan ús Frysk. Pyt Kramer út Mildaam wurket oan it grut wurdboek fan dy taal. Diel 2 fan de simmerrige fan Onno Falkena.

LTV_NEI_DE_RAMP_SRI_LANKA.mp4

LTV Nei de ramp, Fryske helpferlieners yn Sri Lanka

06 Febrewaris 2005

Sujan Singarajah fan Kollum fleant yn 2005 mei syn skoanheit Jan en omke Jochum Leijstra nei syn bertelân Sri Lanka, om dêr help te ferlienen nei de grutte tsunami. Se hawwe guod en jild mei dat se earder ynsammele hawwe, en sykje in goede bestimming dêrfoar. Geandewei wurdt hieltyd dúdliker hoe grut de ravaazje is dy't de floedgolf achterlitten hat. De manlju geane gelyk oan it wurk om in weeshûs wer bewenber te meitsjen. Sujan fynt in goede bestimming foar it jild fan in earder yn Fryslân hâlden ynsammelaksje.

Hjoed: tongblier, oer de RVV

Hjoed: tongblier, oer de RVV

13 April 2001

Yn Hjoed fan 13 april 2001 belibbet Fryslân dei trije fan de tongblierkrisis. De RVV (Rijksdienst voor de keuring van Vee en Vlees) moat de bisten romje en plysje kontrolearret elk dy't it besmette gebiet yn of út moat. Ferslachjouwer Douwe Boersma docht ferslach út Ie wei, hy praat mei de winkeleigener dy't syn klanten gerêststelt dat se net hoege te hamsterjen. Sels hellet er syn bôlen by de ôfsetting wei.