Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_RHY_DDA_TK

Uteinrock 1992: Achter de skermen

01 Novimber 1992

We sjogge achter de skermen en by de tariedingen fan it Frysk-Keltyske popfestival Uteinrock, dat hâlden wurdt yn it Bolwurk yn Snits. We folgje de jonge Welske band Beganifs ûnderweis nei Fryslân en sjogge optredens fan de Fryske bands Reboelje en Wiegels Wjukkelmasine, en de bands Ffa Coffi Pawb, Beganifs en Yr Anhrefn út Wales, The Collaborators út Skotlân en E.V. út Bretanje.

VX-270627

PM-TV: Frysk Shanty Rekord

23 April 2002

PM TV mei "it Frysk Shanty Rekord". Goed 1400 sjongers fan 61 shantykoaren en nochris goed hûndert muzikanten: mei-inoar foarmen se op sneon 20 april 2002 yn Thialf it grutste shantykoar fan Nederlân. Se sjonge 'Fries om Utens' fan it Snitser shantykoar Rolling Home, de klassiker 'It's five 'o clock in the morning' en in nije Fryske shanty dy't spesjaal foar dit barren skreaun is troch Anne Oosterhaven.

CAMBUUR_030698_WR

Huldiging Cambuur 2 juny 1998

03 Juny 1998

In ferslach fan de huldiging fan Cambuur op 2 juny 1998. De Ljouwerter fuotbalclub Cambuur hie dy jûns mei 2-1 fan FC Zwolle wûn en dêrmei foar de twadde kear promoasje nei de earedifyzje helle. By weromkomst út Swolle wachte in stadion fol supporters de spilers op.