Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Simmer 2000 Slachtemaraton, foarútblik

Simmer 2000 Slachtemaraton, foarútblik

07 July 2000

Yn dit programma sjocht Gerard van der Veer foarút nei de earste Slachtemaraton. Ut in tinte wei by de seedyk yn Easterbierrum praat er û.o. mei inisjator Peter Karstkarel. Ek in portret fan twa freondinnen, Annie Brinksma en Carol Tierman út Amearika, dy't de tocht rinne. Ek in petear mei Franke Dijkstra dy't as jonkje fan fiif jier nei Brazilië emigrearre. Rients Gratama draacht in gedicht foar en der is muzyk fan De Bazuin út Tsjummearum.

LTV_KOARNWERTERSAN_FR_160303_WR

Koarnwertersân - lit it mar sa't it is

16 Maart 2003

Portret fan Koarnwertersân en de bewenners. It plak is eins net mear as in strjitte, mei 19 huzen, by de Ofslútdyk. Earder bewenne troch minsken yn tsjinst fan Rijkswaterstaat dy't by de Lorentzslûzen wurken, mar nei't de wenplicht ferfoel, kamen der ek oare bewenners, lykas in pear út Amsterdam. Se komme der foar de rêst, romte en natuer, want der is neat te dwaan en der is ek mar ien kear yn it jier in aktiviteit op de buert. We sjogge se yn har deistich libben en se fertelle oer har bining mei it plak.

_LTV_ALBERT_BONNEMA_WR

In heldetenoar: Albert Bonnema

15 Septimber 1996

Portret fan tenoar Albert Bonnema (1956), berne yn Koehoal. Heit wie ûnder oare fisker. Hy fertelt oer syn libben, we sjogge by de seedyk, it bertehûs, de tsjerke en syn mem, en oer syn leafde foar muzyk. Nei de ambachtsskoalle gie er nei de MTS (elektrotechnyk) en wurke by de FIB yn Ljouwert. Underwilens hie er sjongles by Pita Grilk. Oant 1994 wie er ferbûn oan it operahûs yn Bern, no is er freelance en wennet er yn Amsterdam. We sjogge by repetysjes en de útfiering fan 'Leonore' fan Beethoven op it Holland Festival yn it Concertgebouw yn Amsterdam.