Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 2

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 2

15 Oktober 2001

Yn it sportprogramma Boppeslach folgje we it Dreamteam fan 'e Greiden, de fuotballerkes fan F3 fan Easterlittens. We sjogge by de training fan trainer Sicko Velstra. Hy leart de jonges op goal sjitten, passen en it belangrykste: oerspyljen.

Baas Boppe Baas 0201: It Geheim diel 1

Baas Boppe Baas 0201: It Geheim diel 1

01 Jannewaris 2002

By de famylje Baas is in hûntsje oanrûn en se jouwe him de namme Bijke. It docht lykwols bliken dat Bijke slim siik is. Der ûntstiet in konflikt yn de famylje: moatte se it dier ynsliepe litte of net...

ABD-sjoo 0302

ABD-sjoo 0302

07 Oktober 2003

Yn dizze ABD-sjoo de skoallen de Streek út Tsjalbert en d'Aldewei út Gersleat. Fierder omtinken foar judo, wurchslangen en streetdance.