Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_GRIZE_TAKOMST_1_WEROMROP

De grize takomst, diel ien

24 Maaie 1992

Yn in twalûk sjogge we nei âlderein. Der komme hieltyd mear âlde minsken. Yn trije portretten sjogge we hoe ferskillend oft se libje en wenje. Paulus de Haan (83) wennet yn it bejaardehûs Brugchelencamp op De Westereen. Syn wenromte is lyts, hy sliept yn de wenkeamer, syn iten wurdt fersoarge en der binne aktiviteiten. Aagje Pool (67) hat in wengroep foar âlderen oprjochte yn Seisbierrum, se dogge alles sels en der is soad romte. Hieke Dijkstra (84) wennet op harsels yn Ljouwert. Se is net sa fluch mear mar noch hiel aktyf, docht sels de boadskippen en is geregeld gastfrou.

Wurktiid TV: Kompjûtersaakkundige

Wurktiid TV: Kompjûtersaakkundige

18 Desimber 1996

Coby Yntema presintearret dizze Wurktiid TV, se siket wurk as administrative krêft. Baan fan de wike is in kompjûterman foar it Jouster automatisearringesbedriuw fan Jaap Bosma, hy wol útwreidzje nei Yndia. Fierder sjogge we yn de wurkpleats fan de garaazje. Ha se minder wurk no't auto's better wurde? En we sjogge by Stichting Werk yn Wolvegea, se bemiddelje foar minsken yn de JWG.

Hjoed: tongblier, it twadde gefal

Hjoed: tongblier, it twadde gefal

12 April 2001

Yn Hjoed fan 12 april 2001 it nijs dat Fryslân te krijen hat mei in twadde gefal fan tongblier. Nei Ie is de besmetting no ek yn Eanjum konstatearre. Skieppeboer Teun de Vries hat grutte noed oer syn skiep. Neffens W. Veenstra fan De Pein is de reekplom fan destruksjebedriuw Rendac yn Sumar de oarsaak fan de besmetting.