Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_ALDEREINSOARCH_250404_WR

Supermerk fan wolwêzen en gelok: oer âldereinsoarch

25 April 2004

De term 'supermerk fan wolwêzen en gelok' komt fan de baas fan it nije projekt Skewiel yn de Trynwâlden. Fersoargingshûs Heemstra State yn Oentsjerk is sloopt en der is nijbou mei apparteminten kaam. Bewenners kinne dêr soarch krije mar binne 'eigener fan eigen problemen.' Dy nije oanpak hâldt yn dat sjoen wurdt wat de boarger sels noch kin en wat de soarch dêroan taheakje kin. Minsken wenje langer selsstannich en krije soarch oan hûs, troch ferskate doarpsteams en saneamde omtinkers. Ek is der in soarchstipepunt, in berne-opfang, fysio en sels in hingplak foar jeugd.

Seis_Gymnasium_3

6 Gymnasium diel 3

21 Juny 2005

Geertje en Lizabeth realisearje harren dat in perioade fan seis jier ôfsluten wurdt no't it eksamen yn sicht is. Lizabeth wol in stúdzje yn Amsterdam begjinne en siket no al nei in keamer. Geertje giet nei it hbo om hynderfysioterapy te studearjen. Se sit der wol mei dat it yn prinsipe ûnder har nivo is, se kin ommers nei de universiteit. It skoaljier wurdt ôfsluten mei in moaie eksamenstunt mei it tema 'de camping'.

LTV_FOTOGRAFY_HESMERG_181098_WR.mxf

Fotografen Petra en Erik Hesmerg: Earst sjen

18 Oktober 1998

De fotografen Petra en Erik Hesmerg fan Snits wurkje en libje tegearre. Se fotografearje benammen keunstobjekten en -bylden. We sjogge se oan it wurk yn it Museum Beelden aan Zee (Scheveningen) dêr't se wurk fan Karel Appel fotografearje. Se fertelle oer har wurk dat yn boeken foar musea en galerys publisearre is. We sjogge se ek yn keramykmuseum Princessehof, by it wurk fan Rodin yn Den Haag (Lange Voorhout), yn it Muziektheater (Amsterdam) dêr't se kostúms fotografearje en op de seedyk by it meitsjen fan it byld foar it Frysk Festival.