Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_220502_BOUWE_HARKEMA

Sadwaande: De Harkema

22 Maaie 2002

Dizze Sadwaande giet oer De Harkema. Wat opfalt is dat in soad Harkiten har eigen hûs bouwe, hoe komt dat? En wêr komt dy giele stien wei? We prate mei jonge boufakkers dy't yn eigen tiid har hûs bouwe en we sjogge by De Spitkeet, it âldste hûs fan it doarp. We hearre oer de skiednis en wat de aard fan de Harkiten is. Floris is gek op boufakkers, en dan benammen ien spesjaal plakje.

FRYSLAN_LESTE_OARLOCH_2_WEROMROP

Fryslân yn de lêste oarloch 2: In Joadsk jonkje op It Bilt

15 April 1990

Yn in rige fan fjouwer dielen sjogge we werom op de Twadde Wrâldoarloch. Yn diel twa komt Isaäc Lipschits oan it wurd. Hy kaam as 12-jierrige Joadske ûnderdûker yn 1943 by de famylje Balt op de pleats oan de Alde Biltdyk yn Sint-Jabik. Hy kaam fan Rotterdam dêr't syn famylje de Joadestjer drage moast. It wie feiliger om ûnder te dûken en fia fia kaam er yn Fryslân telâne. As stedsjonge moast er no meihelpe op de pleats. Hy krige in oare namme, Cornelis de Boer, en gie sa ek nei skoalle.

Spegels: Fryske Soundmixshow en Reinder Rienk van der Leest

Spegels: Fryske Soundmixshow en Reinder Rienk van der Leest

17 Jannewaris 2002

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering: de Fryske Soundmixshow en skriuwer en byldzjend keunstner Reinder Rienk van der Leest.