Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Achter de skermen by in stimburo

Wurktiid TV: Achter de skermen by in stimburo

08 Maart 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it stimburo. We sjogge by de tarieding foar de provinsjale steateferkiezing. J. Kok, lid haadstimburo, P. Dijkstra fan de gemeente Dongeradiel en R. Bijwaard, foarsitter fan it lytste stimburo yn Fryslân, yn Jistrum, fertelle oer har wurk en de organisaasje. Minsken kinne yn guon buro's mei de stimkompjûter stimme.

Skriuwers yn byld: Hylkje Goïnga

Skriuwers yn byld: Hylkje Goïnga

17 Juny 1990

Hylkje Goïnga (1930- 2001) is benammen bekend wurden mei har koarte ferhalen dy't hiel populêr wienen. Se skreau benammen oer de man-frou relaasje. Se hat jierren yn de redaksje fan De Strikel sitten. Se fertelt oan Geart de Vries it ien en oar en we sjogge har by in optreden dêr't se by foarlêst.

Geert! S02E7: Wâlterswâld en Driezum

Geert! S02E7: Wâlterswâld en Driezum

27 April 2004

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs yn Wâlterswâld. Hy praat mei Thomas Vrieswijk oer it hynstespektakel dat syn 15de edysje belibje sil. Histoarikus Jouke Dantuma fertelt oer it oarlochsmonumint foar slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch. Ek praat Geert mei Jaap Bouma oer de doarpskrante en mei Wieger Jacobs oer it 100-jierrige muzykkorps en hy makke in reportaazje by de famylje Sinia, twa susters, in broer en mem wenje mei elkoar op de pleats dêr't de tiid stilstien hat. De live-muzyk komt fan Griet Wiersma.