Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_DRONRYP_1945

LTV: Yn it sicht fan de frijheid

01 Maaie 1995

Op 11 april 1945, fjouwer dagen foar de befrijding fan Fryslân, waarden by de brêge oer it Van Harinxma-kanaal by Dronryp trettjin minsken deasketten. Der wiene alve fersetsminsken by; ien fan harren oerlibbe it fjoerpeloton. Yn 1995 makke Omrop Fryslân in rekonstruksje fan dit drama by Dronryp; dizze is yn 2005 herhelle.

Wurktiid TV: Teepriuwe by Douwe Egberts

Wurktiid TV: Teepriuwe by Douwe Egberts

06 April 1994

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering is dat Douwe Egberts op De Jouwer. Ynkeaper A. Koopmans, organoleptikus (beropsteepriuwer) A. Wuite en assistint 'monsterkamer' A. Dijksma fertelle oer har wurk.

7de klasse A 22: kampioenswedstryd tusken Donkerbroek en Dokkum

7de klasse A 22: kampioenswedstryd tusken Donkerbroek en Dokkum

19 Maaie 2003

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan fuotbaljend Fryslân. Dizze kear de beslissende wedstryd Donkerbroek tsjin Dokkum op neutraal gebiet. Wa wurdt kampioen?