Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0406

Sybe Satellyt 0406

15 Febrewaris 1994

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sa sjocht Sybe by it wurk dat se dogge yn de Brandaris op Skylge. Henk Wortel jout útlis. Ek sjocht er by bioboer Thom de Groot yn Goattum by Grou. Hy wegeret syn kij earmerken yn te dwaan. De blusboat fan Grou moat Sybe fan de Pikmar rêde. En hy sjocht by de útfining op de Skoalfinne dêr't de bern in yntelliginsjetest betocht ha.

Wurktiid TV: Kampearje by de boer

Wurktiid TV: Kampearje by de boer

20 July 1994

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer kampearje by de boer, bêd en brochje, miny-camping en buorkerijloazjeminten. Beant Haarsma, studint oan de Lânbouhegeskoalle hat ûndersocht wat de kosten binne, de famylje Jansen kiest bewust foar in lytse camping en At Anema en Jan Anema fertelle oer har wurk om foar de gasten te soargjen.

LTV_KOLONIE_VREEMDELINGEN_290496_WR

Belgen yn Gaasterlân 1914-1918

29 April 1996

Yn de Earste Wrâldoarloch flechten tûzenen Belgen nei Nederlân. In hiel soad Belgen binne opfongen yn Gaasterlân, yn ferskate kampen, dat in ferdûbeling fan it ynwennertal krige dêrmei. Ynwenners fertelle oer dy tiid en helje oantinkens op. De flechtlingen waarden goed bewaakt, mar dienen ek mei oan it sosjale libben lykas keats- en fuotbalwedstriden.