Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Marten de Mûs: Mei de bus

Marten de Mûs: Mei de bus

20 Novimber 1990

De aventoeren fan Marten de Mûs.

Sybe Satellyt 0203

Sybe Satellyt 0203

12 Novimber 1991

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hûn Sjef hat har jierdei en Sybe sil om in kado út. Hy komt yn de Wereldwinkel telâne. Dêr fertelt Ate de Jong oer de produkten en har skiednis, lykas wêr't kofje wei komt. Ek sjocht er by in trimsalon dêr't hûnen wosken en knipt wurde en sjocht er by in eksposysje yn Natuurmuseum Fryslân.

180702_SADWAANDE_25_03_1998.mp4

Sadwaande: buorkje neist de natuer, sinnebank, staazjerinner (diel 2)

25 Maart 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear sjogge we by de sinnebank, wat binne de foar- en neidielen? Trientje de Boer sit yn 4VWO en rint in dei staazje by in bistedokter en boer Thijs Huisman buorket neist it Ketliker Skar fan It Fryske Gea en dêr hat er wolris lêst fan.