Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_SASEACH_5_ANTON_STOELWINDER

Sa seach ik Fryslân 5: Anton Stoelwinder

20 Juny 1993

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel fiif Anton Stoelwinder. Hy is beropsfilmer en makke benammen in soad promoasjefilms oer Fryslân, dy't yn it bûtenlân fertoand waarden. As jonkje op de legere skoalle makke er al syn earste spylfilm. De kombinaasje fan kreatyf wêzen en de technyske kant fan it filmjen sprekt him oan. Syn debút op lanlike telefyzje wie in filmke oer Boalsert foar it programma Zeskamp. Der binne ek bylden te sjen út films oer skûtsjesilen, blomkwekerijen en sûnenstsjinst foar dieren.

Wurktiid TV: Oannimmersbedriuw fynt keunst-sânstien út

Wurktiid TV: Oannimmersbedriuw fynt keunst-sânstien út

08 Febrewaris 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer oannimmersbedriuw Abma út Eksmoarre. Se restaurearje tsjerken en ornaminten. Dy ornaminten binne faak fan sânstien en dat wurdt net mear makke. It bedriuw hat dêrom keunst-sânstien útfûn en dêr oktroai foar oanfrege. A. Abma, direkteur en J. Siesling fan de wurkpleats fertelle deroer en litte sjen hoe't it wurket.

BONNEMA_170498_WR

Boppedat: 40 jier ûntwerpen fan Abe Bonnema

17 April 1998

Arsjitekt Abe Bonnema fan Hurdegaryp (1926-2001) hat hiel wat gebouwen ûntwurpen, fariearjend fan lytse wenhuzen oant prestisjeuze projekten, lykas it hege kantoargebou fan Nationale Nederlanden yn Rotterdam. Fjirtich jier funksjonalistysk bouwen fan Abe Bonnema stiet sintraal yn in boek dat yn 1998 útkaam. Nei oanlieding dêrfan socht Omrop Fryslân de arsjitekt op.