Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 08: Help Helptsjinsten

LINKK 08: Help Helptsjinsten

18 Maaie 2001

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer helptsjinsten. We sjogge by de KNRM op Lauwerseach, by in stipepunt foar jongerein en in húswurkynstitút.

7de klasse A 14: Lions 66 - Tsjummearum

7de klasse A 14: Lions 66 - Tsjummearum

10 Maart 2003

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Dizze wike: Lions 66 (Ljouwert) - Tsjummearum 0-7. Beide ploegen ha in hiel soad blessueres.

LTV_Ien-jier-Epke_portret-turner-Epke-Zonderland_WR

Ien jier Epke

15 Juny 2008

We folgje de Lemster turner yn syn tarieding op de Spelen yn Peking. We sjogge him oan it trainen op It Hearrenfean en hy fertelt oer syn sportkarriêre (mei argyfbylden fan in jonge Epke). Ek syn heit, mem, broers en suster komme oan it wurd: it is in sportive famylje. En ûnderwilens studearret er ek nochris medisinen yn Grins.