Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180727_SADWAANDE_10_12_1997.mp4

Sadwaande: Printerij Jongbloed, anonym klikke en tafoegingen oan iten

10 Desimber 1997

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekomony en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear in reportaazje oer Jongbloed dêr't se bibels printsje, se binne fan Ljouwert nei It Hearrenfean ferhuze. We prate oer de gefolgen fan anonym klikke by plysje, belesting of útkearingsynstânsjes. En we prate mei in saakkundige oer bygelyks it taheakjen fan kleurstoffen oan ús iten.

180628_SADWAANDE_12_12_2001_OER_DE_EURO.mp4

Dizze Sadwaande: Euro

12 Desimber 2001

Dizze Sadwaande giet oer de euro. Yn 2002 wurdt de euro ynfierd en we sjogge no alfêst foarút mei Jan Kersbergen fan de Friesland Bank. We leare oer de skiednis fan de gûne en de foarrinners dêrfan yn it Fries Museum en sjogge op skoalle en yn de supermerk. Hoe geane dy mei de nije munt om? En hoe moatte we omrekkenje? Floris rout om it ôfskied fan de gûne.

BOPPEDAT160594

Boppedat: 10e roei-alvestêdetocht

16 Maaie 1994

De alvestêde-estafettetocht foar roeiers hie yn 1994 in jubileum. Foar de tsiende kear wie de start yn Ljouwert. Om acht oere jûns sette dêr de earste boat ôf foar de lange tocht dy't ek nacht gewoan trochgie. Yn Balk moast der 600 meter "klúnd" wurde by de Luts del.