Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

HJOED_050195_RepoRyptsjerksterpolder

Ride op de Ryptsjerksterpolder

05 Jannewaris 1995

It ûnderstrûpte stik greide fan de Ryptsjerksterpolder is faak ien fan de earste plakken dêr't de redens ûnderbûn wurde kinne. De 'trochsetter', 'leafhawwer' en de 'warskôger' komme oan it wurd.

LTV_TRANSPORT_1919_1

Transport 1919: diel I

24 April 1993

Programmamakker Gryt van Duinen siket it spoar fan tal fan Hamburger bern werom dy't yn 1919 nei de Earste Wrâldoarloch by Fryske famyljes ûnderbrocht waarden om oan te sterkjen. Der wie in soad honger yn Dútslân en dêroerhinne kaam ek nochris in krisis. Ien fan har wenne by har pake en beppe yn Hallum. Se praat mei (âld)Hallumers dy't dat noch witte en siket de bern fan doe ek op.

De Nije Moanne: Monumint en soarch

De Nije Moanne: Monumint en soarch

13 Septimber 1992

By it MiP-projekt binne yn alle gemeenten ynventarisaasjes makke fan bysûndere gebouwen, dat binne yn totaal 8.5000. Sa'n tsien prosint dêrfan kin mooglik in monumint wurde. Meiwurkers fan de provinsje geane by de objekten del, lykas in âld boerespul yn Hoarnstersweach. Dêr is santich jier neat oan feroare. En in betonnen útkyktoer út 1924,dy't slim fertutearze is. Ek de tsjerke fan Britsum is oan renovaasje ta. Restaurateurs sjogge we oan it wurk, mar der is te min jild noch. En we sjogge yn Ljouwert: wat te dwaan by nijbou tusken monumintale gebouwen?