Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tûkelteammen 0306

Tûkelteammen 0306

17 Maaie 2005

De sechsde ôflevering fan it tredde seizoen fan de taalkwis Tûkelteammen. Yn team 1 sit musikus/folktrûbadoer Ernst Langhout mei Tineke Hoekstra fan Noardburgum en yn team 2 sit musikus/trûbadoer Jaap Louwes mei Jantsje Kalsbeek-Nauta fan Reduzum.

Van Tuinen Thús by Johan Veenstra

Van Tuinen Thús by Johan Veenstra

25 July 2001

Thús by Johan Veenstra yn Nijeholtpea, skriuwer en kollumnist foar de Ljouwerter Krante en ek bekend fan de lokale radio.

LTV_EMIGRANTEN_1

Emigranten: Tusken Kanada en Fryslân

04 Septimber 1994

We sjogge yn dit programma by Friezen yn Kanada. Alle jierren treffe sa'n 3.000 Friezen inoar sûnt 1968 yn Ontario op de Friezendei. Se sjonge Fryske lieten, keatse en kinne Frysk guod keapje. Oprjochter en foarsitter is Luut Miedema, oarspronklik fan Bûtenpost, no hat er in grut slachtersbedriuw. We folgje him, ek as er werom is yn it heitelân en dêr âld-Ynjegongers treft en by Teake van der Meer delgiet om te freegjen oft er op toernee troch Kanada wol. Ek mei argyfbylden fan it Polygoonsjoernaal oer emigraasje en de Holland-Amerikalijn.