Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_POADIUM_2_SUVERNUVER

LTV Poadium 2: Portret fan mimegroep Suver Nuver

10 Desimber 1989

In portret fan mimegroep Suver Nuver. Har foarstelling 'Danspaleis Jericho of de gevaren van cosmetica' wie in hichtepunt op it Frysk Festival. We prate mei de trije leden fan it selskip: Dette Glashouwer, Peer van den Berg en Henk Zwart oer de Fryske taal en har relaasje mei Fryslân. Ek sjogge we hoe't se har tariede foar in foarstelling en sjogge by tariedingen foar in nije foarstelling dy't by skipswerf De Hoop yn Warkum wêze sil.

LTV_WR_Eise-Eisinga

Eise Eisinga: it fenomeen fan Frjentsjer

15 Maaie 2005

Dramatisearre ferhaal oer it libben en wurk fan Eise Eisinga (1744-1828) en syn planetarium yn Frjentsjer. Eise waard berne yn Dronryp as soan fan in wolkjimmer, hy waard letter sels ek wolkjimmer. Om't er goed leare koe (fral rekkenjen) folge er lessen oan de Frjentsjer Akademy. Nei't in dûmny út Boazum foarsei dat de wrâld yn 1774 fergean soe as gefolch fan in bepaalde stân fan de planeten, betocht Eisinga om in bewegend planetarium te bouwen om sjen te litten dat dat net sa wie. Op it plafond fan de wenkeamer skildere er it hielal en de oerwurken boude er op souder.

180712_SADWAANDE_OER_HUNEN_09_02_2000.mp4

Sadwaande: Hûnen

09 Febrewaris 2000

Dizze Sadwaande giet oer hûnen. We sjogge by Trienke Tjepkema, se hat in Martin Gaus Hondenschool yn Terbant dêr't se treningen jout. Focco Huisman is hûnepsycholooch en behannelet hûnen. We sjogge ek by it wurk fan de HUS, Honden Uitlaat Service. Eigener Joca van der Mee fynt net dat se in hûnebaan hat. En we sjogge by Martin en Riki Tukkers op De Haule, se fokke bloedhûnen en ha al tal fan prizen wûnen. De keamer stiet fol mei bekers en oarkonden. Prinses op learzens is by de seehûnekresj yn Pieterburen.