Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 23: Ynfrastruktuer

LINKK 23: Ynfrastruktuer

23 Maaie 2003

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer ynfrastruktuer. Wat komt dêr allegear by sjen, by in skoalgebou bygelyks? We prate mei in beliedsmeiwurker ferkear en ferfier fan de provinsje Fryslân en sjogge by de Solexclub.

Wyn op Woansdei: Emigraasje

Wyn op Woansdei: Emigraasje

17 Septimber 2003

Programmamaker Evert van den Berg giet op besite by trije boeren. Sjouke Bruinsma is al emigrearre. Hy buorket mei in protte sukses op de hellingen fan de heechste berch fan Afrika, de Kilimanjaro. Hy is beantsjekweker en hat op dit stuit al mear as 250 minsken yn tsjinst. De famylje Meesters út Lippenhuzen is krekt werom fan in teloarstellend avontoer yn Denemarken. De famylje Van de Belt út Donkerbroek hat lykwols plannen om nei Denemarken te emigrearjen. Is emigrearjen anno 2003 in opsje no't it net goed giet mei de lânbou yn Fryslân? Ek praat er mei minsken fan de NLTO.

LTV_SASEACH_3_HANS_VAN_DER_HOEK

Sa seach ik Fryslân 3: Hans van der Hoek

30 Maaie 1993

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel trije praat er mei Hans van der Hoek, hy hie yn de jierren 1970 en 1980 in produksjemaatskippij Bastion Film. Hy makke (yn opdracht) films oer it feroarjende Fryslân. Dat wie syn earste film út 1974. In jier letter ferskynde in film oer it keatsen en de PC. In film oer it Fryske hynder oer kwadrylje yn Ingelân kaam fanwege sinteraasje noait ôf. Ek makke er in film oer Douwe Egberts.