Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_DOMELA_040499_WR

De geast fan Domela

04 April 1999

It programma sketst wa't Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919) wie, hoe't er fan dûmny sosjalist waard en letter anargist. Yn it súdeasten fan Fryslân hie er ûnder de earme befolking in grutte oanhing. We hearre oer Domela syn libben en ideeën, syn soan fertelt (op argyfbyld) dat syn heit der noait wie of oan it wurk wie. Oanhingers fan de earste oere komme oan it wurd, it portret fan Us Ferlosser hinget noch altyd yn de keamer, lykas yn de kroech yn Nij Beets.

LTV_Portret-Corina-van-Eijk_WR

It Verona fan Corina fan Eijk

30 Desimber 2007

Portret fan operaregisseur Corina van Eijk en de opera (yn de greide) fan Spangea. We folgje Van Eijk by de repetysjes foar de operafilm Samson en Delila en se fertelt oer har leafde foar opera dy't se fan hûs út meikrigen hat. Sjongers fertelle oer de bysûndere manier fan wurkjen yn de tinte. Ek binne fragminten te sjen fan eardere útfieringen.

Fan fan: Hans Vonk

Fan fan: Hans Vonk

14 Septimber 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt Hans Vonk it himd fan it liif frege troch Theo Timmermans (8 jier) út Garyp. De keeper fan SC Hearrenfean komt by him op de fuotbalklup.