Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_WR_De-Frysk-ierdewurk-1

'De Gleibakkers', oer Frysk ierdewurk (diel 1)

12 Juny 2005

Dokumintêre oer allerhanne fasetten fan Frysk ierdewurk, lykas de skiednis, produksje en fersprieding fan dit Fryske kultuerguod. Oan it wurd komme û.o. Pieter Tichelaar, earder direkteur fan it fabryk yn Makkum, Minze van den Akker, eigener fan de grutste kolleksje Frysk ierdewurk en tegelkenner Jan Pluis. Ek yn Harns wienen in soad gleibakkers. Yn 1972 rjochte Henk Oswald it Harnzer tegelfabryk op. Hy fertelt wat by it wurk sjen komt. Yn it Harnzer museum Het Hannemahuis lit konservator Hugo ter Avest diggels út 1614 sjen dy't yn de stêd fûn binne.

Om Utens: Sikehûs Amsterdam

Om Utens: Sikehûs Amsterdam

07 Maaie 1998

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer fjouwer Friezen dy’t yn it Amsterdam Medysk Sintrum wurkje. Longdokter Jaring van der Zee fan De Jouwer en ferpleechkundigen Marga van der Ham út Steggerda, Sjoekie de Vries út Ychtenbrêge en Hiltsje Richstra út Tsjalbert fertelle oer watfoar wurk oft se dogge en wat de ferskillen binne tusken Fryslân en Amsterdam.

LTV_DISKODOARP_241196_WR

Diskodoarp Berltsum

24 Novimber 1996

We sjogge yn Berltsum, in doarp mei trije tsjerken en twa diskoteken. Alle sneontejûnen komme der sa'n 2.000 jongeren nei diskoteek Hof van Holland. Twa stappers komme oan it wurd, de meiwurkers en ek de plysje dy't wolris optrede moat. In part fan de jeugd giet net nei de disko mar nei de bibeljûn fan tsjerke, ek dy komme oan it wurd.