Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sjoch mar: Fjildriden

Sjoch mar: Fjildriden

20 Oktober 1997

Arjen docht mei syn blauwe fyts mei oan it Noardlike kampioenskip fjildriden yn Noardburgum.

180702_SADWAANDE_29_04_1998.mp4

Sadwaande: ferfolchoplieding, muzykynstrumintebouwers, boatferhier en oplieding (diel 2)

29 April 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. De kwestje en de oplieding foar wurk, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear sjogge we learlingen op it Slauerhoff, se moatte in ferfochoplieding kieze en dat falt net, mar de dekaan helpt. Diel twa fan de searje oer twa froulju dy't in oplieding dien ha om wer oan it wurk te kinnen en we sjogge by trije bouwers fan muzykynstruminten. En in ynstrukteur jout tips by it stjoeren fan in hierboat.

Wurktiid TV: Bedriuwekontaktdagen

Wurktiid TV: Bedriuwekontaktdagen

26 Maart 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de Bedrijvencontactdagen. In hiel soad bedriuwen steane dêr mei har stand om sjen te litten wat se dogge en benammen om besteande en nije kontakten oan te heljen en te lizzen. By yngenieursburo Oranjewoud op It Hearrenfean sykje se minsken en twa oaren biede har tsjinsten oan. Bêste kollega is in fersoargjende fan Hofwijck yn Ljouwert.