Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKKEKSTRA_HARKENSJOCH_4_SKRIUWEN

Linkk Ekstra: Hark en sjoch 4 oer Skriuwen

08 Septimber 2006

Oan de hân fan trije Fryske spylfilms lit Linkk Ekstra sjen wat it meitsjen fan in film ynhâldt. De trije films binne De Dream (1985) fan regisseur Pieter Verhoeff, De Fûke (2000) fan Steven de Jong en Sportman fan 'e ieu (2006) fan Mischa Alexander. Yn dizze ôflevering begjinne we by it begjin: it skriuwen.

180706_SADWAANDE_OER_GROEI_30_09_1998.mp4

Sadwaande: Groei

30 Septimber 1998

Dizze Sadwaande giet oer groei, by minsken, planten en bisten. Ingrid is by de berne-dokter en praat mei Rindert dy't hormoanen krijt om te groeien en mei Tineke dy't groeiremmers krijt. Ytsen Kooistra fan Sûne Grûn leit yn syn achtertún út oer de groei fan planten, we sjogge by in folkstún. In feesaakkundige en in feefokker prate oer de groei fan kij.

Tet fan it stoart 5: Glês en tin

Tet fan it stoart 5: Glês en tin

13 April 1999

Tet fan it stoart is in programma fan skoaltelefyzje. Presintatrise Maaike Schuurmans sjocht hoe't glês en tin op 'e nij brûkt wurde en leit it stroomferbrûk fan ferskillende lampen út.