Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 09: Fakânsjewurk

LINKK 09: Fakânsjewurk

16 Juny 2001

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer fakânsjewurk. We sjogge by it wurk yn de kassen yn Seisbierrum. Bern op skoalle Lyndensteyn yn Beetstersweach kinne net maklik op fakânsje en we sjogge by in sylkamp yn Grou.

It Fryske Lânskip 6: See en sân

It Fryske Lânskip 6: See en sân

16 Juny 1987

Yn it sechde diel fan 'It Fryske Lânskip' giet it oer it Waadgebiet en de kuststrook fan Fryslân.

Wurktiid TV: Boer mei in minycamping

Wurktiid TV: Boer mei in minycamping

29 Maaie 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer in boer dy't der wat neist docht. It pear H. en G. Heeres yn Hieslum hat neist de kij ek in minycamping. Sa krije se ynkomsten om mear kwotum te keapjen. Ek hat er in reidfjild oanlein om it wetter te suverjen. De stichting Katalysator helpt boeren by it opsetten fan oare aktiviteiten.