Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Kreakstêd Ljouwert

Wyn op Woansdei: Kreakstêd Ljouwert

17 Maart 2004

Programmamakker Annet Huisman dûkt yn de wrâld fan de kreakers yn Ljouwert. Yn noch gjin jier tiid binne 15 pannen kreake. De measte gebouwen binne ek al wer ûntromme. Op dit stuit wurde noch sa'n 5 lokaasjes bewenne. Wa binne de kreakers en wêr steane sy foar? Annet Huisman sjocht by 'Steinoort' oan it Suderplein en 'De School', it eardere Centrum voor Vakopleiding oan de Ampèrestrjitte.

180723_SADWAANDE_09_05_2001_BEWARJE.mp4

Sadwaande: Bewarje

09 April 2001

Dizze Sadwaande giet oer bewarje. Wat bewarje we en wêrom? Jasper Pool bewarret alles oer Surhuzum, fan ansichtkaarten oant krantestikken. Sjoernalist Jack Kooistra bewarret alles oer de Twadde Wrâldoarloch. En we sjogge yn it depot fan it Fries Museum en it argyf fan Noardeast-Fryslân. Prinses op learzens wol ek alles bewarje.

7de klasse A 13: Blokzijl - Dokkum

7de klasse A 13: Blokzijl - Dokkum

03 Maart 2003

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Blokzijl-Dokkum 2-4 . Onienichheid foar de wedstriid oer de sichtberens fan de linen.